Danny Noppert ferliest op earste dei European Darts Trophy

12 okt 2018 - 23:01

De Jouster darter Danny Noppert hat freedtejûn yn de earste ronde fan de European Darts Trophy yn Göttingen fuortendaliks ferlern. Yn Dútslân gie de 27-jierrige Noppert mei 6-5 ûnderút tsjin Antonio Alcinas út Spanje.

Danny Noppert - Foto: www.orange-pictures.nl

Noppert kaam yn de wedstriid mei 2-1 en 4-3 foar, mar seach Alcinas útrinne nei in 5-4 foarsprong. Mei in goeie tsiende leg stelde Noppert in beslissende leg feilich, mar dêryn koe de Jouster lang net meikomme. Alcinas smiet dêrop syn tredde wedstriidpylk út.

EK

Nettjinsteande it ferlies fan Noppert yn de earste ronde is de darter gewoan pleatst foar it European Championship. Dat telefyzjetoernoai wurdt ein oktober hâlden yn Dortmund.

(advertinsje)