Beide Fryske sealfuotbalteams ûnderút

12 okt 2018 - 22:50

It giet de Fryske sealfuotbalfroulju noch net foar de wyn. Yn de earedifyzje ferlearen Drachtster Boys en Avanti freed beide.

Foto: Twitter @dftda1

De wedstriid begûn frij dramatysk foar Drachtster Boys. Jessie Prijs besocht de bal fuort te heljen, mar dy bedarre dochs yn de eigen goal. Nei't Hovocubo op 2-0 kaam, makke Prijs opnei in eigen goal. Net folle letter makke Chelly Drost sels de 4-0.

Pas dêrnei kamen de Drachtsters wat better yn de wedstriid. Aafke de Hoek skoarde foar it skoft noch. Nei it skoft rekke Drachtster Boys noch in kear de peal, mar skoard waard der net mear.

Avanti puntleas

De oare Fryske earedifyzjonist, Avanti, ferlear ek. Yn Stiens waard it 1-2 foar Reiger Boys. Avanti is nei fjouwer wedstriden noch puntleas.

(advertinsje)