Twa jier sel foar 'selsmoardpoging' Drachtster (54) op de Wâldwei

12 okt 2018 - 22:42

De 54-jierrige Drachtster dy't foarich jier juny opsetlik mei syn auto fan de Wâldwei ried, is freed feroardiele ta in selstraf fan twa jier. De man besocht dêrmei in ein oan syn libben te meitsjen; syn 14-jierrige soan waard út 'e auto slingere en rekke swierferwûne.

Foto: Jaring Rispens

De man wie fierstente hurd oer de ynfoechstripe nei de Wâldwei riden en sloech mei syn auto oer de kop. De rjochtbank kaam freed ta de konklúzje dat de Drachtster himsels skuldich makke hat oan in poging ta deaslach.

Mishanneling

Njonken dat hat de 54-jierrige Drachtster syn frou mishannele. Hy wie depressyf en hie neffens gedrachssaakkundigen in psygoatyske steurnis.

(advertinsje)
(advertinsje)