Douwes nei lêste wurden fan fertochten: "Yntins en wurch"

Fiif fan de 34 fertochten yn de saak oer de A7-blokkade makken freed gebrûk fan it rjocht om noch wat te sizzen. Ien fan harren, Jan, wie mei ôfstân it langst oan it wurd. "Ik fyn dat ik dêr gebrûk fan meitsje moast", sei er nei ôfrin. Ek Jenny Douwes, dy't sjoen wurdt as it brein achter de blokkade, spruts ek freed. Bûten de rjochtseal sei se trije wurden tsjin de kamera's: "Yntins en wurch."
Jenny Douwes is yntins wurch
"Se hat in protte drokte oan de holle hân, de hiele wike. Se stie hiele tiid yn de skynwerpers, dus it wie tink ik te folle", sei Jan oer Douwes, dy't freed wol oan tafel sit by RTL Late Night.
Jan hopet dat de rjochter de 34 fertochten frijsprekt. "Ik gean der ek fanút dat se wol ynsjocht dat it ludyk wie. It wie net ús bedoeling om ôf te remjen."
Fertochte Jan