Ek 80-jierrige frou fertocht fan omkeaping yn ûntuchtsaak Nepal

Resjersjeurs fan in spesjaal plysjeteam hawwe freed in 80-jierrige frou heard as fertochte fan it beynfloedzjen fan in tsjûge, yn de saak fan de oanhâlden bernepsychiater út Makkingea. Dy waard dit jier yn Nepal oanhâlden nei ûntucht mei in 15-jierrige jonge.
© Wikimedia Commons
De frou waard freed heard en is dêrnei wer nei hûs stjoerd; wol bliuwt se fertochte yn de saak. De tsjûge dy't se beynfloede hawwe soe is de 15-jierrige jonge dy't oanjefte dien hat tsjin de oanhâlden bernepsychiater.

Omkeaping

Earder yn april waard al de sus fan de Makkingeaster heard yn de saak. De froulju soene besocht hawwe de famylje fan de jonge om te keapjen om gjin ferklearring ôf te lizzen.