Hearrenfeanfroulju kinne oerwinning op Ajax krekt net oer de streek lûke

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat freed foar 2900 taskôgers yn it Abe Lenstrastadion krekt net fan Ajax winne kinnen. Tiny Hoekstra soarge healwei de earste helte foar de 1-0, mar yn de blessueretiid fan de wedstriid makke Ellen Jansen noch de gelykmakker.
GEARFETTING Hearrenfeanfroulju kinne oerwinning op Ajax krekt net oer de streek lûke
Nei goed tsien minuten wie de earste grutte kâns yn de wedstriid foar Hearrenfean. Spits Fenna Kalma stuts Tiny Hoekstra fuort, dy't fan de râne fan it strafskopgebiet ôf úthelle. Ajax-doelfrou Lize Kop koe de bal krekt oer de latte hinne tikje.
Dêrnei besocht Ajax it mei wat skotsjes, mar dy waarden net gefaarlik. Hearrenfean wie sekuerder: Hoekstra waard djipstjoerd, kaam ien-op-ien mei Kop en skeat troch de fuotten fan de doelfrou raak.
Dêrnei hie Ajax it measte balbesit, mar skoare tsjin Hearrenfean-keepster Devi Venema slagge net.

Lette gelykmakker

Nei it skoft gie it spul lange tiid gelyk op, mar de grutste kânsen wienen earst foar Hearrenfean. Fenna Kalma kopte njonken nei in foarset fan Hoekstra en letter kaam Hoekstra allinnich op Kop ôf. In identike sitewaasje as by de 1-0, mar diskear pakte Kop de balle.
Hoe letter yn de wedstriid, hoe gefaarliker Ajax waard. Earst skeat Ellen Jansen foardel en fiif minuten foar tiid kaam ynfalster Soraya Verhoeve krekt tekoart om de gelykmakker binnen te glydzjen.
Yn de blessueretiid kaam Ajax dochs op 1-1. Ellen Jansen stie each yn each mei Venema en se skode de bal ûnder de Hearrenfean-doelfrou troch.
Fenna Kalma
Doelpuntemakster Tiny Hoekstra