Keninklike ûnderskieding foar Martien Lankester út Iens

Martien Lankester út Iens is freedtejûn beneamd ta Offisier yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige syn ûnderskieding fan de nije boargemaster fan Súdwest-Fryslân, Jannewietske de Vries.
© ANP
De útrikking fûn net yn dy gemeente plak, mar yn Easterwâlde, oan de ein fan de ynternasjonale konferinsje Organic Food & Farming. Lankester waard berne op 14 maart 1949 en krige syn ûnderskieding foar syn bydragen op it mêd fan de biologysk-dynamyske lânbou.