Dressuer op Fryske hynders yn Haskerhoarne

12 okt 2018 - 20:13

By stoeterij Bommelsteyn yn Haskerhoarne wurdt dit wykein foar de twadde kear it Europeesk Kampioenskip Fries Dressuerhynder holden. It Frysk hynder is meastentiids aktyf yn de mear spektakulêre foarmen fan hynstesport, mar de lêste 15, 20 jier sjogge we de Fryske Swarte ek hieltyd mear yn dizze dissipline.

It EK wurdt organisearre troch it K&PP, dat is de stifting Kennis & Promotie Platform Fries Dressuurpaard. Fanwege it grutte tal dielnimmers is it EK dit jier útwreide nei in evenemint fan trije dagen.

Ferslachjouwer René Koster wie ek yn Haskerhoarne

(advertinsje)
(advertinsje)