Tjalling van der Goot: "It doel wie om te frustrearjen"

It Iepenbier Ministearje en de ferdigening sitte net ticht byinoar, seit Tjalling van der Goot. Hy is advokaat fan 33 fan de 34 fertochten yn de saak fan de A7-blokkade. "Der is heech ynset troch it Iepenbier Ministearje. Mar ik fyn dat wy goede arguminten ha, dus ik hoopje dat it foar myn fertochten goed ôfrint."
Tjalling van der Goot
Neffens Van der Goot is it net dúdlik wa't ferantwurdlik wie foar de aksje op de A7. "We kinne fêststelle dat der in blokkade west hat, der hat in file west. Soks wurdt meastal feroarsake troch dejinge dy't foaroan stiet, mar betsjut dat ek dat de minsken dêrefter der mei te krijen ha? Dat kin, mar dat moatte je wol op feiten basearje."

Wa hat it dien?

De advokaat fan de fertochten seit dat net samar alle 34 fertochten ferantwurdlik binne foar wat der barde: "Der is net ien yn it dossier dy't ferklearret dat it doel wie om te blokkearjen. It Iepenbier Ministearje seit: de foarsten ha it dien. Mar we witte net wa't dat binne en der is net in soarte fan groepsoanspraaklikheid.

"Ferbjustere"

"Ik ha my deroer ferbjustere dat it IM hiel maklik oer de ferklearring fan de lokoboargemaster hinne stapt", fertelt Van der Goot. "Want dy seit dat der in mars wie en in demonstraasje yn in fak. Dy mars hat de gemeente ôfblaasd omdat de bussen te let wienen. De demonstraasje yn it fak is net trochgien, omdat der ferkearde eleminten yn de stêd wienen. Dat lei net oan de aksje op de A7."

Fan doel om te frustrearjen

"Ik sil net sizze dat der gjinien kliïnt wie dy't ferkearde bedoelingen hie, want se wienen wol fan doel om te frustrearjen."

Moai om mei te meitsjen

"Elkenien is bliid dat it no hast ôfrûn is", seit Van der Goot yn de skorsing tusken seis en sân oere jûns. "It wie moai om mei te meitsjen dat de kliïnten applaus krigen, dat is in bysûndere ûnderfining."
Folgje de ûntwikkelingen ek yn ús liveblog.