Erwin Zwart en Sytze Brouwer sjogge foarút nei it EK kuorbal

12 okt 2018 - 18:42

Fan 13 oant 'e mei 21 oktober wurdt yn Fryslân spile om de Europeeske titel kuorbal. De iennige Fryske spiler yn it Nederlânske team is Erwin Zwart. Hy spilet by LDODK syn thúswedstriden yn sporthal Kortezwaag op De Gordyk. Dêr is sneontejûn ek it earste duel fan Oranje tsjin Kataloanië. Wy fregen oan skûtsjeskipper en âld-kuorballer Sytze Brouwer oft hy efkes teste woe hoe't it mei de foarm fan ús Fryske ynternasjonal sit. It duel tusken Nederlân en Kataloanië begjint sneon om 20.00 oere en is live te folgjen fia de webside fan Omrop Fryslân en fia de app.

Foarútblik EK Kuorbal mei Erwin en Sytze
(advertinsje)