FIDEO: Justin Mathieu en Kevin van Kippersluis bloeie op by Cambuur

Justin Mathieu en Kevin van Kippersluis kamen ferline jier mei hege ferwachtings nei Ljouwert. Beide koene se dy it foarich seizoen net wiermeitsje. Mathieu siet faker op 'e bank as him leaf wie en ek hie hy ferskate kearen spul mei de trainers. Van Kippersluis waard op allegear posysjes opsteld, mar net op de goeie. Dit seizoen binne beide spilers folslein opbloeid. Mathieu skoarde trije goals en Van Kippersluis joech al fjouwer assists.
FIDEO: Mathieu en Van Kippersluis bloeie op by Cambuur
Yn Fryslân Hjoed siet freed Cambuur-trainer René Hake. It petear mei him gie oer it ferwachtingspatroan yn Ljouwert, de resultaten oant no ta en de styl fan spyljen. Én oer Mathieu en Van Kippersluis.
René Hake yn Fryslân Hjoed