SC Cambuur mist Maulun en Ciganiks tsjin Sparta

12 okt 2018 - 17:36

SC Cambuur kin yn de wedstriid tsjin Sparta gjin berop dwaan op Robin Maulun en Andrejs Ciganiks. Foar de rest kin trainer René Hake beskikke oer in fitte seleksje. De Ljouwerters geane sneintemiddei op besite by de Rotterdammers.

Maulun hat noch te folle lêst fan in knibbelblessuere. De Frânske middenfjilder hat tongersdei in part fan de training mei de groep meidien, mar dêr joech syn knibbel in reaksje op. Dêrom is Maulun net ynsetber tsjin Sparta.

Ciganiks is oproppen foar Letlân ûnder de 21 jier. Hy spilet in ynterlân dit wykein. Ek Sparta mist meardere spilers troch ynterlânferplichtings.

By de Ljouwerters keart Matthew Steenvoorden werom. Hy hat wiken út 'e rûlaasje west mei in kniesde foet, mar de ferdigener is op it paad werom. Tiisdei hat Steenvoorden in helte meidien yn de oefenwedstriid tsjin AZ, dy't mei 1-0 ferlern waard.

Robin Maulun is noch net fit genôch - Foto: www.dijksfotografie.nl

Tuurlijk werkt zo'n nederlaag door.

Cambuurtrainer René Hake oer de nederlaach tsjin FC Dordrecht

It ferlies tsjin hikkesluter FC Dordrecht hat dizze wike noch wol syn spoaren neilitten by de Cambuurseleksje. "Tuurlijk werkt zo'n nederlaag door", fertelt Hake. "Na de laatste wedstrijden mag je spreken van een kleine terugval."

Dizze wike ha der petearen west mei de spilers en neffens Hake is der ek behoarlik fûl traind de ôfrûne dagen. "De vertaling moet nu plaatsvinden naar het veld."

Oer de opstelling woe de Cambuurtrainer freed noch neat sizze.

De wedstriid fan SC Cambuur út tsjin Sparta is te folgjen yn Snein yn Fryslân op Omrop Fryslân Radio. De ôftraap is om 14.30 oere. Kommentator fan Het Kasteel ôf is Andor Faber.

(advertinsje)