Keamerlid Van der Molen begjint moanliks sprekoere

12 okt 2018 - 17:33

Minsken dy't fragen, problemen of suggestjes hawwe foar de polityk, kinne tenei elke moanne op 'e kofje komme by Harry van der Molen. It Ljouwerter Twadde Keamerlid hâldt fan takom wike ôf elke moanne sprekoere; hy docht dat by Bakkerij Breimer op De Lemmer.

Foto: CDA

Yn petear gean

Minsken kinne dan moarns twa oeren lang mei harren fragen by it Keamerlid terjochte. Van der Molen seit dat er syn wurk allinne goed dwaan kin, at er wit wat der spilet by de minsken. "Dit is in moaie wize om mei-elkoar yn petear te gean."

(advertinsje)