Hou Friesland Mooi giet nei Ried fan Steat

12 okt 2018 - 17:14

De stifting Hou Friesland Mooi stapt nei de Ried fan Steat. Dêrmei wolle se de komst fan it wynpark Nij Hiddum-Houw tsjinhâlde. Provinsjale Steaten stimde yn juny dit jier yn mei de bou fan njoggen wynmûnen yn'e omkriten fan Surch. Neffens de stifting foldocht de beslútfoarming op tal fan punten net oan de juridyske easken.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Protest

Hou Friesland Mooi seit dat der genôch juridyske flaters makke binne en dat der foldwaande grûn is om it beslút oan te fjochtsjen. Earder hienen omwenners ek al protest om it wynpark Nij Hiddum-Houw. Dy seinen doe dat it leven fan de mega-wynturbines fan mear as 200 meter heech sûnensklachten feroarsaakje kin.

Dêrnjonken soene ek de ferljochting en it slachskaad fan de wjukken problemen opsmite. De provinsje kaam doe mei in oplossing: de hichte fan de mûnen wurdt net 208, mar 188 meter. Dat is foar Hou Friesland Mooi dus noch net genôch.

(advertinsje)