Radioargyf Omrop Fryslân no online beskikber

14 okt 2018 - 16:00

De Alvestêdetocht yn 1987, de reportaazje yn eigen doarp of it petear mei omke. Fan snein 14 oktober ôf binne 2.300 oeren oan âlde radio-opnamen fan Omrop Fryslân online te finen. Yn gearwurking mei Tresoar en de Fryske Akademy is de ôfrûne 3,5 jier wurke oan in digitaal radioargyf.

Foto: Omrop Fryslân

Spraakwerkenningsmasine

Om't it radiomateriaal fan Omrop Fryslân út Frysk- en Nederlânsktalich materiaal bestiet, wie in twatalige spraakwerkenningsmasine nedich. Yn gearwurking mei de Radboud Universiteit is dy masine ûntwikkele. Troch dy masine kin sawol op Fryske as op Nederlânske wurden socht wurde yn it argyf, mei itselde resultaat. Ek plaknammen kinne as sykterm ynfierd brûkt wurde. Sa binne bygelyks alle reportaazjes oer it eigen wenplak te finen.

Fryske Siri

Mei de twatalige spraakwerkenningsmasine hat Fryslân in wrâldprimeur te pakken. Mei help fan de masine kin no foar it earst taalkundich ûndersyk dien wurde nei hoe't de Fryske sprektaal har yn de jierren ûntwikkele hat. De spraakwerkenning kin ek de basis foarmje foar takomstige nije ûntwikkelingen, bygelyks yn de foarm fan in Fryske Siri.

It radioargyf is fan snein ôf te finen op Omropfryslan.nl ûnder it kopke radio of fia https://zoeken.fame.frl

Op snein 14 oktober wurdt it digitale radioargyf fan Omrop Fryslân lansearre yn it programma Snein yn Fryslân mei Johan Terpstra (fan 13.00 oant 18.00 oere op 92.2FM). De masine stiet op snein ek sintraal yn de Fryslân Dok-útstjoering 'Praat (noch) mar Frysk' (fan 17.00 oere ôf op tv).

(advertinsje)