Fiskpassaazje yn 'e Ofslútdyk wurdt filme mei ûnderwetterkamera

12 okt 2018 - 16:06

De fisken dy't troch de spesjale passaazje yn 'e Ofslútdyk nei de Iselmar swimme, wurde tenei filme troch in ûnderwetterkamera. Dêrmei kin bygelyks it gedrach fan de fisken analysearre wurde.

Foto: Omrop Fryslân

De fiskpassaazje is in ferbining tusken de Waadsee en de Iselmar. It is spesjaal ûntwurpen om lytse fisksoarten de Ofslútdyk passearje te litten.

Utdaging

It wie noch in útdaging om de swimmende fisken goed op byld te krijen. Sa moast der in oplossing komme foar de groei fan algen, de streaming en it behâld fan de ynternetferbining ûnder wetter.

Nijsgjirrige ûntdekkingen

De ûnderwetterkamera hat al ferskate nijsgjirrige saken opsmiten, fertelt Marianne Greijdanus fan Rykswettersteat. "Zo blijkt bijvoorbeeld meer vis door de passage te gaan als het water rustig is en als het donker is."

Trefwurden: 
Ofslútdyk fisk de Iselmar
(advertinsje)