Freedsmerk: "By Beau heakje ik ôf"

12 okt 2018 - 15:42

"Ik wit net wat it is, mar ik kin net oer dy man. At Beau op' e telefyzje is, dan heakje ik ôf." Op de freedsmerk yn Ljouwert frege ferslachjouwer René Koster de minsken nei harren miening oer de winners fan de Televizier-awards, wêrby't Beau van Erven Dorens de grutte winner waard, en dat wie ien fan de reaksjes.

Beau van Erven Dorens - Foto: ANP

Van Erven Dorens waard ûnderskieden as bêste tv-presintator en syn programma 'Beau Five Days Inside' as bêste programma. Guon reaksjes wiene hiel posityf, mar in soad minsken hiene it programma noch nea sjoen. De measten tochten dat De Luizenmoeder de measte prizen krije soe.

Krûden en kastanjes

Fansels sieten der ek wer bysûndere reaksjes by. Sa fertelde immen sels geregeld op tv te kommen as saakkundige op it mêd fan krûden en kastanjes, wylst in oar fertelde dat hy yn syn frouljushúshâlding neat yn te bringen hat.

In pear toeristen fertelden dat se de telefyzje dizze dagen net echt misten, om't se bliid ferrast wiene oer al it moaie dat Ljouwert te bieden hat: "Het is hier echt fantastisch!"

René Koster wie op de freedsmerk

(advertinsje)