Skelet fûn yn Balk, nei alle gedachten út de midsiuwen

By wurksumheden yn it sintrum fan Balk is tongersdei in hast folslein yntakt skelet fûn. Nei alle gedachten komt it skelet út de midsiuwen, mar dat wurdt no ûndersocht troch in archeolooch.
© Gemeente De Fryske Marren
De fynst wie op himsels gjin ferrassing, om't der in begraafplak út de midsiuwen yn it wurkgebiet fan it Haskeplein leit. Neffens de archeolooch liket it derop dat it skelet opnij begroeven is. Mooglik barde dit nei eardere wurksumheden yn in fierder ferline.

Undersyk

De resten binne yntusken sammele en wurde ûndersocht troch in fysysk antropolooch. It skelet krijt dêrnei in nij rêstplak.