Eask tsjin Jenny Douwes: 240 oeren taakstraf en 3 moanne ûnder betingst

12 okt 2018 - 14:48

De eask tsjin Jenny Douwes is 240 oeren taakstraf en 3 moanne finzenisstraf ûnder betingst, ûnder oare fanwege opruiing.

Jenny Douwes - Foto: Kappers Media

Douwes wurdt sjoen as de yntellektuele dieder. Neffens de offisier fan justysje nimt Douwes gjin ferantwurdlikens, wylst se dat neffens it Iepenbier Ministearje wol is. Se hat net allinnich sels strafbere feiten plege, mar ek oaren dêr ta oansetten.

Gjin kommentaar

Douwes, dy't mei Wierd Duk njonken har út de rjochtseal stapte, woe noch net sizze wat se fan de eask fûn.

Tsjin de oare fertochten fan de A7-blokkade binne benammen taakstraffen easke. Ien fan harren krijt selstraf, fanwegen in eardere feroardieling.

(advertinsje)