Selstraf en taakstraffen easke tsjin blokkearders A7

12 okt 2018 - 14:40

It Iepenbier Ministearje fynt dat alle 34 fertochten fan de A7-blokkade, ferline jier op 18 novimber by de lanlike yntocht fan Sinteklaas, straf ha moatte. En dan gjin boete, want sy moatte it sels fiele.

Foto: ANP

De ferhalen fan de fertochten lykje in hiel soad op elkoar. Alhoewol't guon neffens de offisieren wol in mear koördinearjende rol hiene as oaren. Ek bagatellisearje guon fertochten harren rol neffens it Iepenbier Ministearje.

Foar alle fertochten kaam der in "eis op maat", sei de offisier. "Dit past niet in hoe je in een democratische samenleving met elkaar omgaat", sei de offisier. Hy folge mei in algemien ferhaal oer de groep: "Alle verdachten zijn Friezen, daar valt niet aan te ontkomen. Ze zeggen voor alle andere Friezen te spreken maar daarmee doen ze de andere 650 duizend Friezen tekort." Er is geen onderbouwing voor. De verdachten hebben voor eigen rechter gespeeld. Alle verdachten moeten een straf krijgen. Een geldboete is niet genoeg."

Easken

De iene fertochte moat in hegere straf krije as de oare, fynt it Iepenbier Ministearje. De earste fertochte krijt 120 oeren taakstraf of 60 dagen detinsje. Oare fertochten, dy't agressyf gedrach fertoanden, krije 150 of 240 oeren taakstraf. De man dy't syn bleate kont sjen liet, krijt 150 oeren taakstraf tsjin him easke.

Der is ien fertochte dy't de finzenis yn moat, as it oan justysje leit. Dat hat te krijen mei in eardere feroardieling.

Jenny Douwes

Tsjin Jenny Douwes is 240 oeren taakstraf en 3 moanne finzenisstraf ûnder betingst easke, ûnder oare fanwege opruiing.

Folgje de ûntwikkelingen ek yn ús liveblog.

It duorre lang

It wie in lange moarntiid. De rjochter hie frege om gearfettings, mar dochs koste it ferhaal fan de offisieren per fertochte wol in tal minuten. Der wurde behoarlik detaillearre omskreaun hoe en wat de blokkearders, op de dei fan 18 novimber 2017, diene op de A7.

Trefwurden: 
rjochtsaak A7-blokkearders
(advertinsje)