Ungewoane drokte yn de greiden - en dat is bêst bysûnder sa yn oktober

It is ûngewoan drok op en om de Fryske greiden want de lêste snee gers wurdt der dizze dagen ôfhelle. En dat is bêst bysûnder sa yn oktober. De boeren binne der bliid mei. Troch de drûchte de ôfrûne simmer binne sy ien oant twa sneeën gers misrûn.
De kuilbulte wurdt grutter en grutter. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
It gers dat no fan it lân komt, is foaral geskikt foar pinken en drûge kij (kij dy't gjin molke jouwe). Foar melkkij moat der noch wat by om it op it winske nivo te krijen. Gers op it lân stean litte, is lang net altiten in goeie opsje. Dan kin it behoarlik te lijen ha fan froast. In alternatyf foar meanen is it weidzjen fan skiep.
It gers drûget goed mei it moaie waar. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Foar de leanwurkers is it ek ûngewoan om it yn dizze tiid fan it jier drok te hawwen mei it gers. Ek it lânwurk giet lang troch. "Dat is foar it lêst yn 1989 bard", tinkt Willem Heeringa fan leanbedriuw Gebr. Heeringa. De hjerst is gewoanwei de tiid wêryn de mais fan it lân helle wurdt. En dat giet no wol in stik flotter mei it moaie waar.
Ungewoane drokte yn de greiden