Waanders hie kontakt mei KOZP, mar net om harren oer te heljen nei Dokkum te kommen

12 okt 2018 - 12:01

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel hat foarôfgeand oan de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum yndied kontakt hân mei de stichting Nederland Wordt Beter, Kick Out Zwarte Piet en de Nederlandse Volks-Unie.

Boargemaster Marga Waanders - Foto: ANP

Dat hat se net dien om se oer te heljen nei Dokkum te kommen, sa't guon media melde, mar om te efterheljen oft se komme woene. Neffens Waanders hat elkenien it rjocht op demonstraasje. Oft je it as boargemaster mei de stânpunten iens binne, docht neffens har net ta sake. "Mar we moatte wol witte at minsken komme, dan kinne we ús der op tariede." De boargemaster hat dêrom yn it foar kontakt socht mei meardere partijen dy't yn it ferline op wat foar wize dan ek belutsen wiene by de yntocht.

It iennige wat ik dwaan kin is útlizze hoe belangryk it rjocht op demonstraasje is

Boargemaster Marga Waanders

"As wy dat net dien hiene en dy minsken komme ûnferwachts, just dan kin der in probleem ûntstean. Yn Meppel ha se dat it jier derfoar krekt sa dien, en der is nea wat oer skreaun." Yn goed oerlis mei de stichting Nederland wordt Beter en de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet is in plak ôfpraat dêr't se protestearje koene tsjin swarte pyt. Foarsitter Konstant Custers fan de Volks-Unie joech al gau oan dat sy net komme soene. Dat guon media, benammen De Telegraaf, no melde dat Waanders út eigenbelang de groepen nei Dokkum helje woe, leit de boargemaster neist har del. "It iennige wat ik dwaan kin is útlizze hoe belangryk it rjocht op demonstraasje is. It stiet yn ús grûnwet."

(advertinsje)