Nije fraksjefoarsitter foar GBA Achtkarspelen

12 okt 2018 - 11:43

Sierd Vegelin fan Surhústerfean wurdt de nije fraksjefoarsitter fan GemeenteBelangen Achtkarspelen (GBA). Sûnt maart 2014 is Vegelin lid fan de fraksje.

It gemeentehûs fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Sûnt 1 mei 2016 wie Rinus Buising foarsitter. Hy lûkt himsels wêrom omdat er njonken fraksjefoarsitter ek foarsitter fan de partij is en lid fan ferskate riedskommisjes. "Als ik iets doe, doe ik het voor 100 procent of ik doe het niet", seit Buising oer syn fertrek. Syn partij sit yn de koälysje mei trije sitten en in wethâlder yn it kolleezje.

Trefwurden: 
Achtkarspelen GBA
(advertinsje)