Gjin plak foar Pauperfontein yn Fries Museum: fontein wurdt ûntmantele

De Pauperfontein krijt gjin plak yn it Fries Museum yn Ljouwert. De fontein, ek bekend as pimelfontein, wurdt op 1 desimber demontearre op in grut Ontledingsfeest yn Warkum. Dêr komt it inisjatyf foar de fontein ek wei, as protest tsjin de fontein mei de Liuwen, dy't de organisaasje fan Kulturele Haadstêd yn de stêd delsette.
De Pauperfontein © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Gjin plak foar de fontein

''De befolking hat dy fontein fan de kulturele elite krige, de elite hat fan ús de Pauperfontein krigen'', seit inisjatyfnimmer en keunstner Henk de Boer. Hy hat in 'moai petear' hân mei direkteur Kris Callens fan it Fries Museum.
''It moaie is dat wy yn Warkum seine dat der gjin plak wie foar de fontein, en dat de elite no itselde tsjin ús seit. Dat toant oan dat elk minske itselde yn elkoar sit: jo beskermje wat je hawwe.''

Ofbou

Mei dy konstatearring neamt De Boer it projekt slagge. ''It is mei de 2,5 jier dy't we der no oan wurkje, eins it langstrinnende real-life teäterstik fan Kulturele Haadstêd.'' De Boer is bliid dat it ludike protest de hiele tiid netsjes bleaun is.
''We binne oan de goede kant stean bleaun.'' Op 1 desimber wurdt de fontein, in iepenbier húske beklaaid mei pimels, út elkoar helle en kin elk fan de 350 leden fan de Pauperstichting syn 'lid' ophelje.