De letters I amsterdam fuort? Fryslân kin se wol brûke

12 okt 2018 - 11:10

Wa ken se net? De reade en wite letters I amsterdam lûke in soad toeristen nei de stêd. Omdat de rie fan de haadstêd fynt dat dizze letters it toeristeprobleem fan de stêd symbolisearje, moatte de tsien letters de stêd út. Wêr't se dan hinne gean? Nei Fryslân.

De letters Iamsterdam yn de haadstêd. - Foto: ANP

It idee komt fan Friezinne Lysanne Kuindersma. Sy is drok dwaande om toeristen te lûken fanút Amsterdam nei it 'Amsterdam Lake District'. "Met twaalf letters erbij is I amsterdam prima te hergebruiken in Friesland. Die letters willen we graag hebben voor het Amsterdam Lake District", seit se.

"Op die manier helpen we Amsterdam met het spreiden van toeristen, krijgen de letters een nuttig tweede leven en gaan we verspilling tegen. Ze kunnen milieuvriendelijker per zeilboot over het IJsselmeer naar Hindeloopen worden gevaren." Kuindersma hat in fersyk yntsjinne by de gemeente Amsterdam.

Trefwurden: 
Fryslân Amsterdam
(advertinsje)