Enkête: Helpsto minsken yn dyn omjouwing te min of just te folle?

17 okt 2018 - 10:30

In kontener by de dyk sette foar dyn âlde buorman. Dyn sus helpe mei de kompjûter. Of dyn heit nei de dokter bringe. Friezen helpe elkoar op ferskate manieren, al is dat net foar elkenien in opsje. Miskien bist sels dejinge dy't help nedich hat, of hast it sa drok datst op it stuit genôch hast oan dyn eigen libben.

Soarch - Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân en NOS binne benijd nei hoe'tsto hjirmei omgiest. Wêrom helpsto somtiden minsken, of just net, en troch wa wurdsto wol ris holpen?

Enkête

Dochst mei? Folje hjir in fragelist yn fan ûngefear fiif minuten. It ûndersyk wurdt útfierd troch I&O Research. De resultaten sille wy oer in pear wike presintearje op Omropfryslan.nl en yn ús útstjoerings.

Trefwurden: 
soarch enkête
(advertinsje)