LIVEBLOG: Fjirde dei rjochtsaak tsjin A7-blokkearders sit derop

12 okt 2018 - 20:26

De 'blokkear-Friezen' moasten freed opnij ferskine foar de Ljouwerter rjochtbank. Op 18 novimber 2017 blokkearren 34 minsken by De Jouwer de A7 foar anty-Swarte Pyt-demonstranten. Sy binne oanklage foar ferskate saken, lykas it tichtsetten fan de iepenbiere wei en it behinderjen fan in demonstraasje.

Ferslachjouwers Simone Scheffer en Jeroen Boersma folgen de saak freed. Op dizze dei hearden de fertochten de straf dy't tsjin har easke wurdt. Jûn kaam de offisier fan justysje wer oan it wurd en mochten de fertochten in reaksje jaan. Fiif fan harren dienen dat. Lês hjir alles werom oer de fjirde dei.

20:22
Ein

Dêrmei is dizze wike mei de rjochtsaak oer de A7-blokkade ta in ein kommen. We slute dizze liveblog ek ôf.

De útspraak fan de rjochtbank yn de saak is op freed 9 novimber om 13.00 oere.

20:15
Filmke fan Esajas

De fiifde en lêste fertochte lit in filmke sjen oer Mitchell Esajas fan Kick Out Zwarte Piet. Dy sei dêryn "so far so good" dat der gjin ferwûnen wienen, wylst der ien wêze soe mei nekletsel. Dat kloppet net, neffens de fertochte.

Dêr lit de fertochte it by. Wat er fierder op syn briefke stien hie, wie dochs herhelling, seit er.

20:14
Trots

De fjirde fertochte hâldt it hiel koart. Se seit yn it Nederlânsk dat se grutsk op elkenien is.

20:13
Foto fan KOZP

De tredde fertochte jout in foto oan de rjochter. Dêrop is in aktivist fan Kick Out Zwarte Piet te sjen. "Net freedsum", neffens de fertochte. Op de foto is te sjen dat de persoan fan KOZP fuortfierd wurdt troch de plysje.

20:10
"Wat is rjochtfeardigens?"

"Wat is rjochtfeardigens", freget de tredde fertochte him ôf.

20:06
"Bizar jier"

Douwes docht har duplyk yn it Frysk. "It hat in bizar jier west. Nettsjinsteande alle skelparijen en ûnwierheden yn media en dêrtroch moedeleazens, ha ik besocht myn ferhaal te dwaan wêrom't ik wat dien ha. Ik hoopje dat de bestjoerders lústerje en gjin demonstraasjes tusken bern talitte."

Se is al klear mei har duplyk. Dat wie de ferwachting: ien fertochte mei in lang duplyk, de fjouwer oaren mei in koartere.

20:06
Douwes oan it wurd

De twadde fertochte dy't oan it wurd komt, is Jenny Douwes. Tsjin har waard earder hjoed 240 oeren wurkstraf en 3 moanne finzenisstraf ûnder betingst easke.

20:04
Fideo's

De fertochte lit noch ferskate filmkes fan oare blokkaden tsjin. Dêrnei krijt er wer applaus.

19:58
Fertochte 1 is klear

De earste fan de fiif fertochten dy't jûn wat sizze, is klear. Syn duplyk hat sa'n fjirtich minuten duorre. Nei ôfrin krige er applaus.

19:57
"Net wer"

De fertochte soe it net noch in kear dwaan, seit er. Net omdat er der spyt fan hat, mar hy fynt it alle "justitiële rompslomp" net wurdich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)