Amearika ynspektearret JSF's, ek de Nederlânske

12 okt 2018 - 08:22

De twa Nederlânske JSF's krije in ekstra kontrôle troch de Amerikanen. Ein septimber stoarte in Amerikaanske JSF del, mooglik troch problemen mei in buis foar de brânstof.

Foto: -

De Amerikanen ynspektearje dêrom alle tastellen. Nettsjinsteande dat it om in oar type giet as dat delstoarte, wurde ek de twa Nederlânske tastellen op Edwards Air Force Base kontrolearre. Neffens Definsje stiene de tastellen al oan de grûn en past de kontrôle der binnen.

De Nederlânske tastellen kinne kommende moandei wer fleane. Nederlân keapet 37 tastellen, dy't de F-16's ferfange sille. De piloat fan it ferûngelokke Amerikaanske tastel wist him te rêden mei syn sjitstoel.

Trefwurden: 
F-16 JSF
(advertinsje)