Kollum: "Lulferhaal"

12 okt 2018 - 07:30

"Ofrûne freed krige ik in appke fan freondinne Tineke, want de London Knights soene dy jûns yn Schaaf City Theater komme. No ha ik ien kear earder de Chippendales sjoen en dat fûn ik prachtich. Kreaze manlju, profesjonele show en hielendal net ordinêr. Se diene ek net alles út sadat der wat te rieden oerbleau.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Yn Schaaf wie de seal te grut of der wiene te min froulju. Op it poadium stie in DJ efter in draaitafel en fierder hiene se neat oan de oanklaaiïng dien. De London Knights wiene trije kertier te let en foar de show waard der in âldere frou tusken de gerdinen op it poadium ynstallearre.

De manlju kamen op yn ridderklean. It like wol sa ûnnoazel en se koene ek hielendal net dûnsje. Wy stiene wat efterôf de boel te observearjen en seagen inoar ris skodholjend oan. Dêrnei diene de manlju om bar in stripact en dat gie wol hielendal neaken. Sadree't se yn harren ûnderbroek stiene, koest in grutte stive leuter sjen mar foardat it broekje útgong spuiten se dêr earst in heale flesse bodylotion oer.

Wylst de strippers mei dy lange lullen stiene te slingerjen en de bodylotion alle kanten útfleach, stie der in deeglik frommeske fan in jier of 60 neist mei in fototastel. Ut en troch moast se ûnderdûke om in 'swaffel' te ûntwiken, mar se hat dêr de hiele jûn stien en de DJ ek mei syn keale kop. Beppe siet ek noch tusken de gerdinen en wy hiene it idee as sieten we yn in ôflevering fan Little Britain.

We fûnen de pimels der mar nuver útsjen en tochten dat se dy dingen ôfbûn hiene mei in tie rib of sa mar in frommeske dat foaroan stien hie, sei dat der in nepper fan latex oerhinne siet. Hoe dan ek, de bodylotion moast al wat ferblomje.

Yn 'e pauze kamen de jonges del mei lotsjes. Dy koest keapje, mar se seine net wêrom. Wy skodhollen en dat diene mear froulju. De earsten wiene foar de pauze ek al fuort gien omdat se it te ordinêr fûnen. Nei de pauze kaam der in act mei in robot. De DJ hie it lûd yntusken sa lûd dien datst der wol gek fan wurde koest, mar dizze stripper koe wol dûnsje.

Hy wie net sa grut, mar hie in tampeloeres dy't by de Fryske hynstekeuring net misstean soe. Hy krige de namme Tsjalle 007 en it wie de bêste act oant no ta. De strippers seagen der fierder net beroerd út, mar Tsjalle koe fierwei it moaiste drave en hy krige de seal plat mei syn ynnimmende en fleurige útstrieling. Dêrnei like it mei de oaren ek wat better te gean.

As lêste kamen de froulju op it poadium dy't de lapdance wûn hiene mei de ferlotting. Se hellen hieltyd froulju op it poadium en dêrom stiene wy in moai ein efteroan want dêr wol ik dea noch net lizze! Sitst letterlik kompleet foar lul en doe't it ôfrûn wie, die bliken dat beppe tusken de kleden de mem fan Tsjalle wie. Sy hie noch nea in show sjoen en it wie ek noch har jierdei. We hawwe út folle boarst foar har songen en ik hoopje dat se grutsk wie op har jonge.

Wy hiene rekkene op in jûntsje entertainment fan in heech nivo, dochs hawwe wy in soad wille hân foar 15 euro. En fan alles dat we dit jier sjoen ha, wie de dit mei stip it meast KULturiele! Mar it hichtepunt hiene wy nei de tiid, yn 'e foarm fan in hearlik snackje op it Vliet."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)