Ek Ljouwert yn aksje foar mear plak op wenweinkamp

'Wij komen op voor onze rechten, voor meer staanplaatsen.' It earste spandoek hinget al op in wenwein oan de Boarnstrjitte yn Ljouwert. Yn it hiele lân binne wenweinbewenners yn aksje om in ein te meitsjen oan it útstjerbelied fan de wenweinplakken. Dêrby binne op meardere plakken stikken lân yn gebrûk naam foar wenweinen.
© Jessica Gatsonides
Ferslachjouwer Bauke Deelstra yn de Wielepôle.
Yn Ljouwert binne kampbewenners dat ek fan doel, jout Jessica Gatsonides oan. "We zijn dat met z'n allen van plan op het kamp. Er is al een groepsapp voor aangemaakt, waarin wordt overlegd waar we het gaan doen."
Ik zou kruipend teruggaan
Marietje Gatsonides
Yn rychjeswenningen yn de Wielepôle, flakby it wenweinkamp oan de Boarnstrjitte, weinje meardere minsken dy't nei it kamp wolle. Maria Wolters is dêr ien fan en se leit út wêrom't se nei it kamp werom wol dêr't se ek grutbrocht is. "We zijn het zo gewend, familie onder elkaar en iedereen staat er voor elkaar." Marietje Gatsonides befêstiget dat: "Ik zou kruipend teruggaan naar het kamp, daar heb ik wel pijnlijke handen en voeten voor over."
Der moat mear plak komme foar wenweinbewenners. Dat fine kampbewenners en minsken dy't dêr graach weinje wolle. Yn Drachtsterkompenije is dêrom earder dizze wike al yllegaal in plak yn beset naam troch wenweinen. Soks stiet ek yn Ljouwert te gebeuren.