Ljouwerter drinkt bier op de dyk en mislediget plysjes

12 okt 2018 - 06:09

In 22-jierrige Ljouwerter is tongersdei oanhâlden, nei't hy plysjes misledige hie. De plysjeminsken hiene de Ljouwerter en in maat op it Blokhúsplein oansprutsen om't se bier oan it drinken wiene op de iepenbiere dyk.

Foto: ANP Foto

De 22-jierrige Ljouwerter smookte boppedat in joint. De man wegere him te identifisearjen en begûn de plysjes út te skellen. Hy is meinaam nei it buro.

Raze op de dyk

In 41-jierrige Ljouwerter krige in proses-ferbaal om't hy op de Archipelwei stie te razen. De man wie flink dronken. Ek in 62-jierrige automobilist út de stêd krige in proses-ferbaal. De man waard yn Egelantierstrjitte oan de kant set. Hy hie gjin rydbewiis.

Trefwurden: 
plysje Blokhûsplein
(advertinsje)