Swimtocht Maarten van der Weijden smyt 5 miljoen euro op foar kankerûndersyk

11 okt 2018 - 22:47

De swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden hat úteinlik 5 miljoen euro opsmiten foar ûndersyk nei kanker. Dat hat de olympysk swimkampioen tongersdeitejûn bekend makke op it Gouden Televizier-Ring Gala.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De lêste bekende tuskenstân op 1 septimber wie 4,7 miljoen euro. Dat bedrach makke Van der Weijden doe noch bekend yn Burdaard, it plak dêr't er úteinlik mei syn swimtocht ophâlde moast.

Alvestêdeswimtocht

Op sneon 18 augustus begûn Van der Weijden oan syn tocht. Trije dagen en nachten lei hy al swimmend de Alvestêdetocht ôf om jild byinoar te krijen foar ûndersyk nei kanker. Nei 163 kilometer en 55 oeren swimmen, moast Maarten syn Swimalvestêdetocht stake.

Kompilaasje

In kompilaasje fan de swimalvestêdetocht is hjir te besjen.

(advertinsje)