Krústsjerke op It Hearrenfean wurdt wenfoarm foar âlderein

11 okt 2018 - 19:51

De Krústsjerke oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean wurdt ferboud ta in wenhûs foar âlderein mei geheugenproblemen. It monumintale pân is kocht troch Wonen bij September en der sil yn 2019 úteinset wurde mei de ferbouwing. Yn de simmer fan 2020 moatte de minsken yn it hûs terjochte kinne.

Wonen bij September - Foto: Wonen bij September

By it ferbouwen wurdt rekken hâlden mei de monumintale status en de boustyl fan it pân en de omjouwing. Michiel van Putten is oprjochter fan Wonen bij September en sjocht de tsjerke as it ideale plak om te wenjen.

"Met elkaar geleefd"

"We zien een prachtige toekomst als woonhuis voor ouderen met geheugenproblemen op deze plek", sa seit Van Putten. "Het heeft op de begane grond gezellige, ruime woonkamers en een open eetkeuken. Daar wordt met elkaar geleefd, gekookt, een spelletje gedaan of bijvoorbeeld de was gevouwen."

(advertinsje)