VLOG: Regina Bijlsma yn Antwerpen en Parys

Yn dizze vlog sjogge wy hoe't Regina en Sara yn Antwerpen oankommen binne. Hjir sille se in spontaan optreden op strjitte jaan, lykas Regina's soan Jim as strjitartyst Jim die. Dit giet net sa as Regina foarnommen hat en dêryn spilet emoasje in grutte rol.
© Omrop Fryslân
VLOG: Regina Bijlsma yn Antwerpen
Regina en Sara reizgje fierder nei Parys. Yn dizze stêd is Jim Morrison begroeven. Regina neamde har soan nei dizze sjonger. Tegearre mei Sara besiket sy it grêf. Hjir stiet sy stil by it begjin fan it libben fan har Jim.
VLOG: Regina Bijlsma yn Parys
Op 17 oktober is it fiif jier lyn dat de 19-jierrige Jim Sluiter yn Barcelona omkaam by in ûngelok. Syn mem, Regina Bijlsma, folget sûnt ôfrûne freed it paad fan de lêste reis fan har soan. Foar har is dizze reis in ôfsluting fan in drege perioade en it begjin fan in nij libben. Underweis vlogt se foar Omrop Fryslân har ûnderfiningen.
In har foarige vlog seagen wy hoe't se oankaam yn Antwerpen.