Minister Wiebes wol noch neitinke oer 'pilot Harns' foar sâltwinning

11 okt 2018 - 17:59

De Twadde Keamer is besoarge oer it foarnimmen fan sâltfabryk Frisia om ûnder de Waadsee by Harns sâlt te winnen, ek al omdat it bedriuw dat dwaan wol mei help fan diseloalje. As ien fan de lange liedingen skuort, soe dy oalje yn it natuergebiet bedarje kinne. GrienLinks fynt dat risiko ûnakseptabel en pleite dêrom foar in ferbod foar it brûken fan diseloalje by sâltwinning op it Waad.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De keamerkommisje trune minister Wiebes der op oan om te regeljen dat Frisia in skjinner alternatyf foar diseloalje brûkt. Oant dat hjir dúdlikheid oer is meie der 'gjin ûnkearbere stappen' set wurde foar de sâltwinning ûnder it Waad. Wiebes sei de keamerkommisje ta dat er 'noch dit kalinderjier' mei in brief oan de Twadde Keamer komt oer de sâltwinning by Harns. Hy sei ta dat der oant dy tiid 'gjin ûnkearbere stappen' set wurde meie.

Pilot ûnder it Waad

By in harksit foar deselde keamerkommisje waard in pear wike lyn wiidweidich praat oer in mooglike 'pilot' foar de sâltwinning ûnder it Waad by Harns. Fanwege de kwetsberheid fan de Harnzer binnenstêd mei in soad monuminten soe dy sâltwinning plak fine moatte mei in stikmannich mjitpunten yn monumintale huzen mei 'de hân oan de kraan', sadat de sâltwinning gelyk stopset wurde kin op it stuit dat der skea ûntstiet.

Frisia Sâlt yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Keamerlid Wassenberg fan de Partij voor de Dieren neamde dit idee tongersdei lykwols 'boerenbedrog'. "Nadelige effecten van zoutwinning treden soms pas na geruime tijd op. Ook na het dichtdraaien van de kraan kan dat nog geruime tijd doorgaan."

Wol of net geskikt?

Minister Wiebes woe neat wite fan it 'aaklike' ferwyt fan de Partij voor de Dieren, mar hy wyt ek noch net oft de 'casus Harlingen' wol geskikt is foar in pilot 'sâltwinning nije styl'. It idee foar de pilot is tige yntinsive kommunikaasje tusken sâltwinbedriuw en befolking mei ekstra mjitpunten en 'de hân oan de kraan'.

"Laat mij hier nog wat op omkauwen, ik kom hier binnenkort op terug." Yn de Twadde Keamer is ûnder oare it CDA wol foar sa'n pilot. Goeie kommunikaasje fan begjin ôf oan mei goeie ôfspraken oer it fergoedzjen fan skea, as dy ûntstiet, kin hiel wat problemen foarkomme, sa is it idee.

Ferbod

Keamerlid Tom van der Lee fan GrienLinks wol sâltwinning ûnder de Waadsee it leafst ferbiede. "De Waadsee is wrâlderfgoed en in kwetsber en unyk natuergebiet. Dat moatte we net yn gefaar bringe wolle troch sâltwinning."

(advertinsje)