Gemeenten Noardeast-Fryslân pakke drugskriminaliteit strenger oan

11 okt 2018 - 17:16

Gemeenten yn Noardeast-Fryslân wolle tenei stranger optrede tsjin drugsoerlêst. De boargemasters ha de regels oanskerpe. Se krije sa de mooglikheid om bygelyks hûzen of oare publyk tagonklike gebouwen te sluten, as der sprake is fan drugshannel. "Sa kinne wy as plysje en gemeenten better optrede tsjin drugskriminaliteit yn de omjouwing", seit boargemaster Bilker fan Kollumerlân.

Foto: Public Domain Pictures

De gemeenten Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân wurde hieltiten faker konfrontearre mei drugskriminaliteit. Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel: "Yn regionaal ferban hawwe wy ôfspraken mei-elkoar makke oer it bestriden fan drugshannel en yllegale himptylt yn wenten en oare lokalen. Wy sette yn op it trochbrekken fan de organisearre drugskriminaliteit troch hurder op te treden tsjin yllegale ferkeappunten en himpplantaazjes."

De oanskerpe regels hâlde ûnder oare yn dat by in earste oertrêding fuortendaliks in sanksje folget. Dat wie earder by de twadde oertrêding.

(advertinsje)