Trije Fryske filmmakkers nominearre foar Noorderkroon Award

Trije Fryske filmmakkers binne nominearre foar in Noorderkroon Award. De kompetysje is bedoeld foar profesjonele-, studinte- en amateurfilms fan makkers út Fryslân, Grinslân of Drinte, of films oer dizze regio.
Kameraman © Shutterstock.com
Annet Huisman is mei 'De Joadske Brulloft' ien fan de trije nominearren yn de kategory 'Bêste dokumintêre'. Froukje van Wengerden docht mei seis oare films mei om de prizen foar de 'Bêste koarte film' mei har film: Vergeet mij niet'ek. Murk Jaep van der Schaaf is nominearre mei syn koarte film De Striid.