"Fryslân moat reinbôgeprovinsje wurde"

11 okt 2018 - 15:51

Fryslân moat in reinbôgeprovinsje wurde. Dat fine de steatefraksjes fan de PvdA, D66, Partij voor de Dieren, SP en GrienLinks. Fryslân is de iennichste provinsje dêr't tongersdei de flagge net út is ta gelegenheid fan Coming Out Day, de ynternasjonale dei foar akseptaasje fan lesbiennes, homoseksuelen, biseksuelen en transgenders.

Foto: Shutterstock.com

Dat komt omdat Provinsjale Steaten twa jier lyn besletten ha om net by it inisjatyf oan te sluten om in reinbôgeprovinsje te wurden. De Steatefraksjes dy't har der no sterk foar meitsje om dat te feroarjen, krije stipe fan ferskate gemeenteriedsfraksjes.

Reinbôgegemeenten

Allinne Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Hearrenfean binne reinbôgegemeenten. Sy jouwe foarljochting oer diskriminaasje op it mêd fan seksuele oriïntaasje en identiteit.

De Steatefraksjes dy't wolle dat Fryslân ek in reinbôgeprovinsje wurdt, komme mei in petysje. Neffens harren hat it gjin sin om wer in moasje yn te tsjinjen, om't de gearstalling fan de Steaten net feroare is. De útkomst soe dan wer itselde wêze.

(advertinsje)