"Opkreazjen fan de regio Appelskea is slagge"

11 okt 2018 - 15:30

Hast alle doelen om Appelskea en omjouwing in metamorfoaze te jaan, binne helle. Dat sizze de inisjatyfnimmers fan de Ontwikkelagenda Appelscha. Dat binne de provinsje, de gemeente Eaststellingwerf, it ryk, Steatsboskbehear en it nasjonaal park Drents-Friese Wold.

Google Street View - Foto: De Boerestreek yn Appelskea

De ûntwikkelaginda waard tsien jier lyn opsteld. Yn de jierren dêrnei is de Boerestreek yn Appelskea opknapt, is in begjin makke mei it werynrjochtsjen fan it lânbougebiet Oude Willem en is de wetterwinning mei de helte fermindere.

Rekreaasje en natuer

Mei de komst fan mear fyts- en kuierpaden en nije natuer is der ek mear lykwicht kaam tusken rekreaasje en natuer.

(advertinsje)