Bysûndere flessepost begjint oan nij aventoer

Der wurdt in nij haadstik taheakke oan it flessepost-ferhaal fan Atze Boelens út groep 8 fan basisskoalle De Súdwester yn Snits. Hy fûn ferline wike in flesse mei in boadskip út Ingelân. En no nimt klasgenoatsje Jaden him mei nei Afrika. "Ik gooi hem in het water bij Swaziland!", fertelde er yn it programma De Middei fan Fryslân.
Atze wie ferline wike mei syn skoalle op kamp op Skiermûntseach, doe't er syn bysûndere fynst die. It gie om in flesse út Ingelân, mei in briefke deryn. Op dat briefke stiet it ferhaal fan de Ingelsman Henry Christopher Beaney, dy't op 23 augustus op 49-jierrige leeftiid ferstoar.
De flessepost waard meinaam nei Snits, dêr't de bern kontakt sochten mei de famylje fan Beaney. Doe die bliken dat de ferstoarne briefskriuwer graach mear reizgje wollen hie. En syn dream wurdt no wierheid.
Dit is te moai foar ús om sels te hâlden.
Master Jeroen de Vries
Flessepost Skiermûntseach © Jeroen de Vries

Symboalysk op reis

De flesse wurdt troch klasgenoatsje Jaden meinaam nei Swazylân yn Afrika. Dêr sil Jaden de flesse op 'e nij yn it wetter smite. Sa giet Beaney symboalysk op reis troch de wrâld. "Dit is te moai foar ús om sels te hâlden", fertelt master Jeroen de Vries. "Dit is wêr't jo fan dreame as jo oer it strân rinne."
Groep 8 fan De Súdwester wie yn de útstjoering