Trije Friezen yn Top 100 meast duorsume Nederlanners

11 okt 2018 - 14:02

De duorsume Top 100 fan it deiblêd Trouw telt trije Friezen. Klaas Sietse Spoelstra fan Terbant is op it 25ste plak einige. Spoelstra is benammen bekend fan Kening fan 'e Greide, de boargeraksje foar it Fryske lânskip dy't hy mei-oprjochte. Neffens de sjuery is Spoelstra in ferbiner en oanjager, dy't it leafst in poadium makket dêr't oaren op striele kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Earder waard al bekend makke dat enerzjykoördinator Bouwe de Boer fan de gemeente Ljouwert einige is op it 88ste plak. Biolooch Theunis Piersma fine wy werom op it 89ste plak.

De winner

Ekologe Louise Vet waard keazen ta meast duorsume Nederlanner. It wie foar de tsiende kear dat Trouw de Top 100 presintearre.

(advertinsje)