Nedersaksysk is wol in taal, mar noch gjin Frysk

It konvenant foar de Nedersaksyske talen, dat woansdei ûndertekene waard, makket fan it Nedersaksysk in folweardige taal. Mar wat betsjut dat yn de praktyk? Wat feroaret der? En hat it Nedersaksysk no deselde status as it Frysk? Wy sochten it út.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena

Wat feroaret der?

Der feroaret foarearst neat, útsein dat we no sizze kinne dat it Nedersaksysk in taal is. Deputearre Poepjes, dy't út namme fan Fryslân it konvenant tekene, neamde it "in begjin". It konvenant is bedoeld om it Nedersaksysk te stimulearjen. It Nedersaksysk is krekt as it Limburchsk in erkende regiotaal, mar gjin offisjele rykstaal, lykas it Frysk.
Frysk stiet dêrmei yn in hegere kategory. It is de offisjele twadde taal yn Fryslân. Oare offisjele talen dy't it ryk erkent, binne it Ingelsk en it Papiamintsk op Bonêre, Sint-Eustasius en Saba.

Wat is it ferskil?

Omdat it Frysk in offisjele taal is en Europeesk erkend wurdt as de twadde taal fan Nederlân, mei alles yn it Frysk. In goed foarbyld binne de plaknamme- en strjittenammebuorden. Minsken meie harren yn it Frysk foar de rjochter ferantwurdzje en in folksfertjintwurdiger mei syn eed yn it Frysk ôflizze. Ek kriget Fryslân jild fan it ryk foar ûnder mear Fryske edukaasje.
Yn it Nedersaksysk mei ien him yn syn eigen taal foar de rjochter ferantwurdzje, mar al it oare mei net. Ek jout it ryk gjin subsydzje om de taal yn stân te hâlden.
Wurdt it Nedersaksysk ea in offisjele rykstaal, dan soe it Stellingswerfsk yn it súdeasten fan Fryslân in tredde taal yn Fryslân wurde.

Hoefolle minsken brûke it Nedersaksysk?

It Nedersaksysk wurdt troch sa'n fiif miljoen minsken yn Nederlân sprutsen. Fan Grinslân oant healwei Gelderlân. Der binne njoggen haaddialekten. De federaasje fan de Nedersaksyske Streektaalorganisaasjes wol graach dat de taal, lykas it Frysk, in offisjele taal fan Nederlân wurdt, mar dat is foar it ryk net besprekber.
It Frysk ken ek ferskate dialekten, mar de taal is wol standerdisearre. Dat betsjut dat de provinsje en de Fryske Akademy wurden en stavering offisjeel fêstlein ha.