Ynwenners Easterwâlde krije fergese tips om jild te besparjen

Ynwenners fan Easterwâlde kinne de kommende tiid flink besparje op harren útjeften. Sa'n 100 hûshâldens krije fergees advizen fan in saakkundige oer hoe't se besparje kinne op fersekeringen en fêste lesten. It giet om in proef yn it Haerenkwartier en Easterwâlde-Noard fan de gemeente Eaststellingwerf en wenningboukorporaasje Actium.
Beurs yn de broek © Shutterstock.com
Ut in eardere proef fan Actium yn Assen die bliken dat minsken op jierbasis gemiddeld mear as 700 euro besparje kinne. In ûnôfhinklike saakkundige komt by de minsken thús del. Dielnimmers leare ûnder oare hoe't se regelingen en sudsydzjes maksimaal brûke kinne.

Minder skulden

Mei de proef wol de gemeente Eaststellingwerf berikke dat minsken bewuster jild útjouwe, wêrtroch se minder gau skulden meitsje. As de proef slagget, wurdt dizze mooglik útwreide.