Lanlik giet it tal falliseminten nei ûnderen, yn Fryslân net

11 okt 2018 - 12:06

It tal Fryske falliseminten leit yn septimber heger as yn augustus. Dêrmei giet ús provinsje yn tsjin de lanlike trend dat it tal falliseminten ôfnimt. Lanlik sjoen waard yn septimber ek it leechste tal falliseminten sûnt 2000 berikt.

Foto: Shutterstock.com

Yn septimber giene yn Fryslân acht bedriuwen fallyt, sa docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. It giet om trije ienmanssaken en fiif gruttere bedriuwen of ynstellings. Ek yn Grinslân gie it tal falliseminten omheech, yn Drinte wie der in flinke delgong.

Neffens it CBS waarden lanlik sjoen foaral hoarekabedriuwen troffen troch in fallisemint.

Trefwurden: 
CBS falliseminten
(advertinsje)