Aksjegroep oerlanget petysje tsjin gaswinning yn Smellingerlân

Aksjegroepen, politisy en ynwenners fan de gemeenten Smellingerlân, Loon op Zand en Waalwijk roppe de lanlike polityk op om de gaswinning fan Vermilion oan bannen te lizzen. Se biede tongersdei in petysje mei dat boadskip oan by de Twadde Keamer en oan minister Wiebes. De petysje is troch 1400 minsken ûndertekene.
Gasboarring © ANP
De Twadde Keamer praat tongersdei oer de gaswinning. Neffens de wurkgroep Tegengas wurdt der al sûnt 1975 ierdgas wûn yn Smellingerlân, mar wol Vermilion nije gasfjilden oanboarje. Neffens de wurkgroep past gaswinning net yn dizze tiid, wêryn't de CO2-útstjit just fermindere en de opwaarming fan de ierde keard wurde moat.

Gaskraan tichtdraaie

It kabinet seit dat ierdgas foarearst noch nedich is en dat Vermilion om dy reden ek de lytsere gasfjilden eksploitearje mei, no't de gaskraan yn Grinslân hieltyd fierder tichtdraaid wurdt.