GrienLinks yn de Twadde Keamer: ferbod op sâltwinning ûnder Waadsee

It winnen fan sâlt ûnder de Waadsee bringt tefolle risiko's mei him mei. Dat fynt de fraksje fan GrienLinks yn de Twadde Keamer. "De Waddenzee staat op de Werelderfgoedlijst en is een ontzettend belangrijk natuurgebied", seit Tom van der Lee fan de fraksje. De partij wol dêrom in ferbod op de winning.
De Waadsee by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Neffens GrienLinks hawwe der in it ferline geregeld ynsidinten west by de winning fan sâlt. Sa lekten der winputten, is der kâns op boaiemdelgong, ierdbevingen en it lekken fan disel dy't brûkt wurdt by de winning. "De risico's dat giftige diesel de Waddenzee aantast zijn onaanvaardbaar", seit Van der Lee.
Neist in ferbod foar de Waadsee wol GrienLinks ek dat yn Grinslân net mear sâlt út de grûn helle wurdt. GrienLinks bringt syn beswieren tongersdei yn by de diskusje oer de Mynbouwet, dy't dan yn de Twadde Keamer hâlden wurdt.