Learling Snitser basisskoalle fynt bysûndere flessepost op strân Skiermûntseach

11 okt 2018 - 11:39

Learling Atze Boelens út groep 8 fan basisskoalle De Súdwester yn Snits hat in bysûndere flessepost op it strân fan Skiermûntseach fûn. Atze wie dêr ferline wike mei skoalle op kamp, doe't er syn bysûndere fynst die. It gie om in flesse út Ingelân, mei in briefke deryn. Op dat briefke stiet it ferhaal fan de Ingelsman Henry Chrispopher Beaney, dy't op 23 augustus op 49-jierrige leeftiid ferstoar.

Foto: ANP Foto

Symboalysk op reis

Flak foar syn dea hie Beaney sein dat syn grutste winsk wie dat er graach mear reizgje wold hie. Doe't syn jiske yn de see struid waard, hat syn famylje de flesse mei it boadskip ek te wetter litten. Op dy wize woene se syn winsk symboalysk útkomme litte.

Moaiste fynst ea

De learlingen ha de brief op skoalle oerset en fia Facebook kontakt socht mei de famylje. Neffens learkrêft Jeroen de Vries binne der moaie kontakten mei de dochter fan Beaney ûntstien. Hy neamt it de moaiste fynst ea dy't in learling dien hat.

(advertinsje)