Woansdei útspraak oer Sintrale As

07 nov 2011 - 15:30

De Raad van State docht op woansdei 9 novimber útspraak oer de Sintrale As.

De Raad van State docht op woansdei 9 novimber útspraak oer de Sintrale As. De provinsje Fryslân wol dat der in fjouwerbaans dyk komt tusken Dokkum en Nijegea om de feilichheid en de leefberens yn de doarpen te ferbetterjen. It Fryske Gea en in groep omwenners binne tsjin de plannen yn ferset kommen. Se fine dat der better ûndersyk dien wurde moat nei de ferkearsprognoases.

Neffens harren kinne de problemen ek ferholpen wurde mei in oar plan: it griene alternatyf. Dit giet foar in grut part oer de besteande rûte, mar wol om de doarpen hinne. Ek is der beswier makke om't de Sintrale As troch in bysûnder greidefûgelgebiet gean sil.

(advertinsje)