Plysje brûkt pepperspray by oanhâlding dwerse manlju

De plysje yn Ljouwert moast tiisdeitejûn pepperspray brûke om twa dwerse manlju oanhâlde te kinnen. Sy fersetten harren bot tsjin de oanhâlding.
Pepperspray © ANP
In motorrider fan de plysje seach tiisdeitejûn dat in auto de Voorstreek yn Ljouwert blokkearre. Der wie al in aardige file ûntstien, mar de bestjoerder hie gjin haast om fuort te riden. Doe't de plysjeman de auto oan de kant sette en om it rydbewiis fan de bestjoerder frege, waard de man lilk. Hy easke in ferklearring en wegere mei te wurkjen. Syn passazjier besocht de oanhâlding te kearen.
De motorplysje sette pepperspray yn tsjin de bestjoerder en drige dêr ek mei nei de byrider. Mei help fan oare plysjes koe it duo oanhâlden wurde. It giet om in 23-jierrige man út Hilversum en in 22-jierrige Ljouwerter. Se sitte noch fêst.