Nederlânske follybalfroulju nei Final Six op WK yn Japan

11 okt 2018 - 10:52

Follybalster Marrit Jasper fan Snits hat mei it Nederlânske follybalteam de Final Six helle op it Wrâldkampioenskip follybal yn Japan. Nederlân wûn tongersdei mei 3-0 fan Servië. Oranje pakte de earste set mei 25-16. De twadde set wie op 'e nij in proai foar Nederlân: 25-12. De wedstriid wie yn 'e knip mei in 25-20 winst yn de tredde set. Jasper kaam sels net yn aksje.

Marrit Jasper is de twadde fan links - Foto: www.orange-pictures.nl

De Final Six binne twa poules fan trije. De bêste twa gean troch nei de heale finale. Servië stie earste yn de poule, mar wie al wis fan in plak by de bêste seis. De tsjinstanner spile net mei har bêste team. Sa die topspylster Tijana Boskovic net mei. Dochs wie it in knappe oerwinning, want hjirtroch kin Nederlân as earste einigje yn de poule. Dêrmei hat Oranje in beskerme status by de Final Six.

Wa wurde de oare fjouwer?

Nederlân en Servië binne yn harren groep al pleatst. Dêr komt Japan of Brazilië noch by. Yn de oare groep is Italië al wis fan de Final Six. Sina, Amearika en Ruslân stride foar de lêste twa plakken.

De Final Six wurdt spile op 14, 15 en 16 oktober yn Yokohama.

Trefwurden: 
Snits Marrit Jasper follybal
(advertinsje)